Frjentsjer – Wikipedy

Frjentsjer ( Nederlânsk en offisjeel: Franeker) is in stêd dy’t yn it noardwesten fan ‘e Nederlânske provinsje Fryslân leit, tusken Harns en Ljouwert yn. Oant 1984 foarme it de selsstannige stedsgemeente Frjentsjer en fan 1984 oant 2018 wie it it haadplak fan ‘e gemeente Frjentsjerteradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 is Frjentsjer it haadplak fan ‘e nije fúzjegemeente De Waadhoeke, dêr’t ek it Gemeentehûs fan De Waadhoeke stiet. De stêd hie op 1 jannewaris 2014 12.781 ynwenners. en is te berikken fia de A31 en de N384.

Foarhinne wie Frjentsjer lange tiid in selsstannige gemeente. Yn 1984 waarden de gemeenten Frjentsjer en it âlde Frjentsjerteradiel mei it grutste part fan de gemeente Barradiel gearfoege ta de nije gemeente Frjentsjerteradiel. Troch geregeld tekoarten op de gemeentlike begrutting stie de gemeente Frjentsjerteradiel oant 2005 ûnder tafersjoch fan de provinsje Fryslân.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Frjentsjer as alle Fryske stêden in selsstannige gemeente. Foar de Frânske tiid hie Frjentsjer in universiteit. Pogingen om der op’e nij in universiteit te krijen binne oant no ta op neat útrûn. Dochs in pear dagen yn it jier kriget Frjentsjer de status fan Akadeemjestêd werom; tusken Kryst en Aldjiersdei wurdt it Krystkongres organisearre. Dit kongres, dat meardere dagen duorret, fynt plak yn ‘e Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. It kongres wurdt alle jierren troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings (FFS) organisearre, foar it earst yn 1930.

Frjentsjer soe om 800 hinne ûntstien wêze as in Karolingysk kastellum. Yn 1374 krige it stedsrjochten. Fan de 11e iuw oant de 16e iuw ûntwikkele Franeker him ta bestjoerlik sintrum fan noardlik Westergoa en de Frjentsjerter Fiifdielen. Yn de 15e iuw festige hartoch Albrecht fan Saksen him yn Frjentsjer. It stedsje like him te ûntwikkeljen ta haadstêd fan Fryslân, mar waard benefterlitten troch Ljouwert. It ferhaal giet dat ynwenners fan Frjentsjer yn de Midsiuwen besocht hawwe om in tsjerkeklok te stellen út Harns. Sûnttiid wurde de Frjentsjerters klokkedieven neamd.

Doe’t de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn opstân kaam tsjin Spanje, keas Frjentsjer al gau de kant fan Willem fan Oranje. Frjentsjer waard hjirfoar yn 1585 beleanne mei in universiteit; op Leien nei de âldste fan Nederlân. Der waarden fjouwer redenen oanfierd: it wie goedkeaper as studearjen yn Leien, de âlden koenen better harren bern yn ‘e gaten hâlde, it wie goed foar de ûntwikkeling fan de befolking en it jild dat de studinten útjaan soene bleau binnen de provinsje. Oan dizze "Frjentsjerter Akadeemje", skonken troch de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau en iepene op 29 july 1585, koe men teology, rjochten, medisinen, klassike talen, wiisbegearte en wis- en natuerkunde studearje. Ien fan de studinten wie prins Willem IV.

Yn de 18e iuw rekke de stêd yn ferfal, mar yn de patriottetiid liet Frjentsjer noch fan him hearre. Yn septimber 1785 waard it twahûndertjierrich bestean fan de Hegeskoale fierd. Prinses Wilhelmina fan Pruisen die mei oan de feeestlikheden sûnder har man, dy’t konfrontearre waard mei ferlies oan macht en ynfoed en al syn foech opjaan woe: rûnom yn it lân wiene eksersysjegenoatskippen oprjochte, it dragen fan oranje wie sûnt inkele wiken ferbean en yn De Haach wie hy út syn militêre funksje setten. Yn maaie 1787 waard it de studinten en professors (lykas Johan Valckenaer) ferbean diel te nimmen oan de oefeningen fan it eksersysjegenoatskip. De Steaten fan Fryslân furdigen ein maaie boppedat in ferbod út om wapens oan te skaffen, mei as gefolch dat de patriotten har yn harren frijheid oantaast fielden. Binnen inkele dagen soenen yn Fryslân nije regearingsregleminten yn wurking trede, mei strangere easken oan de froedskipsleden. De Steaten fan Fryslân wienen bang foar in herhelling fan wat him yn augustus 1786 yn de stêd Utert ôfspile hie: dêr hienen de lanlik gearroppen eksersysjegenoatskippen de prinsgesinde leden fan it stedsregear oan de kant skood. Inkele wiken letter driigde in Pruisyske ynfal en fuortendaliks waarden op guon plakken definsjegenoatskippen oprjochte, want it gewest Hollân woe gjin ekskús oanbiede foar de oanhâlding fan de prinsesse, dy’t nei Goejanverwelleslûs brocht wie. Begjin septimber 1787 luts in tsiental rebellearende Fryske Steateleden, ûnder lieding fan Court Lambertus fan Beyma him werom yn Frjentsjer, neidat Provinsjale Steaten alle steun oan Hollân (en de stêd Utert) ferbean hie. Frjentsjer waard yn steat fan ferdigening brocht. Harns wegere mei te wurkjen en de oanfier fan manskipppen, wapens en munysje fia Makkum wie gjin súkses. De dissipline wie fier te sykjen, de drank floeide ryklik; stipe fan de befolking kaam der net.

Doe’t Pruisyske troepen hieltyd fierder oplutsen nei it Noarden, ferlieten de ta wanheap dreaune lieders op sneintemiddei 23 septimber de stêd nei de tsjerketsjinst. De ôftocht ferrûn sa rommelich en yn sân hasten dat se fergeaten de slim belêstende, ûndertekene declaratoiren (dokuminten) mei te nimmen. (De lieders joegen inoar de skuld en hienen jierren letter noch altyd spul, doe’t se yn Frankryk harren weromkomst ôfwachten).

De kopstikken binne oer Warkum, wêr’t de prinsgesinden de skrik op’e lea jage waard, troch te rôven en te sjitten, oer De Lemmer of Starum nei Amsterdam flechten. In inkeling flechtte oer Grins of It Amelân nei Dútslân, lykas Eise Eisinga. In tweintichtal patriotten út Frjentsjer waard finzen setten yn it blokhûs fan Ljouwert en feroardiele. Uteinlik soe ek in tsiental patriotten út Boalsert de dupe wurde, omdat de rie fan Boalsert as ienige stêd yn Fryslân de Pretense Staten erkend hienen. Sjoch ek De Patriottetiid yn Boalsert.

Yn 1811 liet Napoleon de universiteit slute. De opfolger fan de Frjentsjerter Akademy wie it Ryksateneum, dat fan 1815 oant 1847 bestien hat, mar – krektas syn foargonger – úteinlik troch gebrek oan studinten te’n ûnder gie. De kolleksje fan de universiteitsbibleteek, mei in soad seldsume boeken, waard oerbrocht nei de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert (tsjintwurdich: Tresoar).